Klanken
fan Fryske Grûn. Mingd Koar Grou & Brouwer's
akkordeonorkestDoe't it Mingd kaar Grou besleat om in CD te meitsjen wisten wy net wêr 't wy oan begûnen. It bestjoer en de dirigint hiene wat ûndúdlike gedachten oer de opset; de leden wisten net heal wat in ynspanning it kostje soe om it projekt ta in goed ein te bringen. Mar fan it begjin of stie ien ding fêst: it Frysk soe de taal wêze wêryn songen waard. Stadichoan krigen wy foar it ferstân hokker kant it opgean soe: folkslieten. Ús dirigint Jan Veninga hat fansels gâns wat yn 'e brij te krommeljen hân. Hy hat alle a capella stikken bewurke. Boppedat kaam er mei it idee om Brouwer's akkordeonorkest en akkordeonkwartet 'Variabile' û.l.f. Johan de With te freegjen om mei te dwaan. Nei myn betinken in boppeslach. Johan de With haad alle stikken foar koar, akkordeonensemble en solisten bewurke mei in grut gefoel foar sfear. Beide diriginten komt hulde ta. Nei oardel jier, in protte swit en stinnen, is hjir no 'Klanken fan Fryske Grûn’. Klanken haad hjir in ekstra betsjutting: de tongslaggen fan Hylpen, Skylge (it Westers) en it Eilaun (Skiermûntseach) wurde songen, en ek is besocht om it Frysk út de santjinde ieu sa goed mooglik wer te jaan. Dêr hawwe wy de help by han fan inkele meiwurkers fan de Fryske Akademy. Ik wol alle muzikanten dy 't meiwurke hawwe tige tank sizze.
Fedde Schurer syn wurden binne my tige nei:
Wêrom soe ik net sjonge? It is no krekt oer it gea sa hoar.. Ik bin ommers in Fryske jonge, en oars dooch ik dochs nearne foar.
Siebren Boonstra, voorzitter MKG |
Enkele voorbeelden De CD van het Mingd Koar Grou is te koop bij Sybren Boonstra, Oostergoostraat 34, Grou. Telefoonnummer 0566-623613, ook per e-mail te bestellen. |