![]() |
| redactie: Marijke Eikenaar |
|
5 november 2010 As koarleden fan it Mingd Koar Grou hjoed harren postbus iepen klikke, dan binne der trije bylagen te besjen. Se lykje in soad op elkoar. In foto fan de Fryske dichter Obe Postma, en de oankundiging fan in konsert. Op it programma stean behalve lieten op muzyk fan Obe Postma ek noch dielen út De Jonkerboer, de Fryske opera komponearre troch Paulus Folkertsma. Fanôf de earste kear dat we nei de simmerstop wer repetearren hat der foar de stikken dy’t op it programma fan dy konserten stean fansels in soad oandacht west. Wat weisakke wie wer ophelje, ynslûpte flaterkes der úthelje, de muzyk wer oppoetse, moaier meitsje.
Bysûnder , en nij, wie in liet op de tekst fan it gedicht “Lok”. Bysûnder om’t de muzyk dêrfoar skreaun is troch Henk Doeke Odinga, de soan fan ien fan ús tenoaren. De rippetysje wêrby’t dy komponist sels achter de piano siet, wie foar in soad koarleden in feest. De data fan de konserten komme tichteby. In generale stiet al yn de aginda’s. No mar hoopje dat der wat publyk op tasetten komt!
Mar net allinne song is der by it koar. Der waard en wurdt ek wat ôf fergadere. Dit mei it each op it 100-jierrich bestean fan it koar yn 2012. Tal fan kommisjes binne yn it libben roppen en betinke hoe’t de hûndertjierrige in prachtich jierdeifeest ha kin.
19 april 2010 We oefenje foar 4 maaie. Sa no en dan mei Jan de Jong oan de piano. Beide nûmers dy't wy by de betinking sjonge sille hat hy komponeard op prachtige teksten fan Eppie Dam (Wylst de wrâld fan wille skattert, in diel fan in rekwiem) en Margryt Poortstra (Treast). Tiisdeitejûns fielt it koar de ienheid fan tekst en muzyk yn beide nûmers. It grypt je ek by it rippetearen oan, taast yn it moad, einepikefel... Wy fiele it en besykje mei elkoar dy sfear te finen dy't dichters en komponist deryn lein ha. As ús dat op 4 maaie goed slagget sil elk dat meifiele kinne.
24 Novimber 2009 Lang ha de klanken fan it Mendelssohn-konsert yn in protte earen fan de leden fan it Grouster Mingd Koar neinúndere. Foar minsken dy’t yn novimber by ús konsert west ha, sil dat ek te begripen wêze. Dat liket teminsten logysk, te hearren nei de positive reaksjes fan it publyk. Yntusken sykje mei it wer oppakken fan ‘Alde bylden winke’ fan Jan de jong wer oare klanken om in plakje yn it sa te gripen ûnthâld. Der binne plannen om dy âlde bylden en ‘Bern fan ‘e ierde’ fan Frank fan Nimwegen nochris wer hearre te litten, ek bûten Grou. Beide muzykstikken binne yn opdracht fan it koar komponearre op gedichten fan Obe Postma.
Yn de sjongmap sit ek noch wat nijs: ‘It marke’, wurden fan Eeltsje Halbertsma,wize fan Friedrich Fleischmann. Wat nijs?? Ja, ja, wat âlds sille se bedoele, sil de lêzer fan dizze wurden tinke. Dat bestie ommers al lange, lange jierren? Dat is wier. Dochs is dit marke nij. Der is nammentlik in nagelnij arranzjemint makke troch Corinne Staal. Moderner, frisser. Even wenne foar dy’t wend is âldere settings te sjongen. Mar jûn kinne wy wer oefenje en wurde dan miskien fannacht of moarnier wekker mei klanken fan ‘Alde bylden winke’ , fan ‘Bern fan de ierde’ of ’It marke’ yn de earen.
9 oktober 2009 Lang lyn dat it weblog bywurke is. It part “De Jonkerboer” dat wy yn maaie yn de Sint Piter songen wie neffens minsken dy’t by it publyk sieten: ûnferwacht prachtige muzyk.
Foar in stikmennich koarleden begûn dêrnei de simmerfakânsje. En no leit dy al wer in moai skoftsje achter ús en wurdt der folop rippeteard foar it konsert fan 8 novimber. Mendelssohn stiet dêryn sintraal. De reden is dat dit in betinkingsjier is. It is nammentlik 100 jier lyn dat Felix Mendelssohn Bartholdy berne is. Foar guon koarleden steane op it repertoire bekende stikken. Foar oaren, dy’t noch net sa lang meisjonge is alles nij. Tetsje van der Kooi sil by it konsert de soliste wêze.
We oefenje omraak. Noch twa rippetysjes sil oefene wurde mei pianobegelieding. Dat sil grif in ekstra triuwke wêze op wei nei in prachtich konsert. Yntusken is de kommisje foar de Nijsnoatsjes dwaande om noch in krantsje te fersoargjen dat foar it konsert útkomt.
22 april 2009 De ôfrekkenjûn (jaarvergadering) leit al wer 4 wike achter ús. Dêrby hearden, lyk as oare jierren, de ‘gewoane’ agindapunten en it gesellich by elkoar wêzen. Yn de Mid Frieslander stie nei oanlieding fan de ôfrekkenjûn in foto fan jubilarissen. Yn it sintsje setten waarden: Stien Kleinhuis, mar leafst 60 jier lid fan it ús koar, Jappie Holtrop (55 jier), Tjitske Dijkstra (40 jier), Sybren Boonstra, Alie Hoogeboom en Hiske Visser ( alle trije 25 jier). Yn de Ljouwerter Krante stie in wike as wat letter in foto mei byskrift dêr’t ús koar ek yn neamd waard. Op de foto stie Baukje Wytsma út Reduzum, dy’t skriuwt oan in lietesyklus foar it feest dat wy yn 2012 fiere as it Mingd Koar Grou syn 100ste jierdei fiert. Lyk as oare minsken genietsje de koarleden dizze dagen fan in simmerske maitiid dy’t al langer as in wike oanhâldt. Foar kjeld hoege we op ús repetysjejûnen ek net mear bang te wêzen: Wy binne nei in winterskoft sjongen yn de Sint Piter tsjerke, wer werom op ús fertroude plakje: De Formanje. Wat is dy tsjerke moai wurden nei de ferbouwing! We ha justerjûn prachtich songen. Dat hie mear as ien reden: It fertroude plak, dêr’t hast alle stuollen beset wiene, it elkoar èn de dirigint wer better hearre kinne en net yn it lêste plak, it sjongen fan lieten út de Jonkerboer by de piano, dy’t super bespile waard troch Johan Bijhold. It wie even wennen om no mei begelieding te sjongen, mar it fertrouwen dat wy in moaie bijdrage leverje kinne as de koaren út Butzbach hjir binne, groeide yn de rin fan de jûn. Gelokkich mar, want de 22ste maaie komt hurd tichterby! 13 februari 2009 Der ha dagen west mei echt winterwaar. Leafhawwers koene wer ride op natoeriis. Mûtsen op, sjaals om, piamabroek ûnder it trainingspak.... Der wurdt by it Grouster Koar flústere dat jûns by de rippetysje by guon koarleden ek piamabroeken oer kâlde knibbels lutsen binne. Mar oft it wier is? Wol is oan ekstra jaskes en sjaals te sjen dat de kjeld tiisdeitejûns yn de Sint Piter bêst taslacht. En wa moatte dat dan it meast belije? Alten, sopranen en de dirigint! Want bassen en tenoaren kinne de teannen tsjin de kachelbuis oansette. Oer sterk en swak geslacht sprutsen. Mar kjeld of net, de Jonkerboer en parten fan it Mendelssohn-konsert komme al aardich yn de grûnferve.
6 jannewaris 2009 In nij jier en hjoed de earste koarrippetysje fan 2009. It is echt winter, friest knap. Soe it jûn ekstra kâld wêze yn de Sint Piter? Mar in fleece jack en/of in dikke sjaal mei.
Nei it sjongen by de tsjinst yn de Formanje yn Aldeboarn kinne de lieten dêrfan achteryn de map om ynlevere te wurden.
Wy sille ús no ‘goaie’ op de Jonkerboer as tarieding op it muzikale treffen ein maaie mei de sjongers út Butzbach. De Jonkerboer wurdt dan grif ôfwiksele mei de tarieding foar it Mendelssohn-konsert ein 2009. We sille der mei elkoar fêst wer in moai muzykjier fan meitsje.
In nij nûmer fan De Nijsnoatsjes stiet op steapel. Dêryn wurdt skreaun oer nije plannen mei Fryske lieten. Liket nijsgjirrich en goed!!
1-11-2008 Juster 31 oktober 2008 wie de Sint Pitertsjerke grôtfol. It wie de slotjûn fan it betinkingsjier fan dokter Eeltsje Halbertsma, dy’t 150 jier lyn yn Grou ferstoar. De muzyk fan it programma waard brocht troch Bennie Huisman, Frederike Kleefstra en Tseard Nauta. De lieten waarden ôfwiksele mei it libbensferhaal fan Dokterom, ferteld troch Douwe Kootstra. De lêste útfiering fan dit programma om dokter Eeltsje hinne wie oars as oars troch it meidwaan fan it Mingd Koar Grou. It mei elkoar belibjen fan in prachtige jûn nimt it koar mei nei de takomst.
Voor die toekomst wordt op dinsdagavonden geoefend voor het meewerken aan een adventsdienst in de doopsgezinde kerk in Aldeboarn. Het repeteren in de Formanje in Grou heeft tot de traditie geleid, dat éénmaal in het jaar het koor zingt bij een kerkdienst.
In de komende tijd zal de repetitie op dinsdagavond in de Sint Piterkerk in Grou zijn, omdat in de Formanje verbouwd wordt.
Naast de muziek voor de kerkdienst in december zitten intussen ook stukken van De Jonkerboer in de map. Dit werk van de Friese componist Paulus Folkertsma is in vroegere jaren samen met het Frysk Orkest door het Mingd Koar Grou uitgevoerd. Nu past het oefenen op gedeeltes uit deze Friese opera in de voorbereiding voor het tegenbezoek van zangers uit Butzbach in mei 2009. Terugdenkend aan de reis naar Duitsland zullen dat feestelijke dagen worden met als belangrijk onderdeel natuurlijk een muzikale avond.
Nog meer muziek in de map. Van Mendelssohn. Verderop in het jaar zal het klassieke concert van het Mingd Koar Grou in het teken van deze componist staan.
12-3-2008 Juster hiene wy ús jierlikse ôfrekkenjûn (jaarvergadering). Dúdlik waard dêr, dat der in flamke by it hast ‘cold news’ moat. Wis is, dat der genôch minsken by ús koar binne dy’t de lêste tiid in lusifersprikje beethâlde of -hâlden ha:
De lêste moannen is ek al in oanset jûn ta it earstfolgjende klassike konsert mei it ynstudearjen fan Der 42. Psalm fan Mendelssohn en hawwe we in part fan de muzyk songen dy’t yn april in fersiering wêze sil by it optreden fan Bennie Huisman mei in Halbertsma programma.
5-11-2007 Het nieuws van het Grouster Koar werd in de tweede helft van 2007 vooral bepaald door de reis naar Butzbach en het programma wat daar uitgevoerd zou worden. Terug in het heitelân betekende voor de koorleden niet: voorlopig wat het koor betreft, alleen maar dinsdagavond = repetitieavond. Eerst werd er natuurlijk uitgebreid nagepraat over de zo succesvolle reis. Schriftelijke verslagen en impressies over de trip werden gevraagd voor het binnenkort verschijnende nummer van Nijs Noatsjes. Ook werd van de leden tijd en energie gevraagd voor een koekactie eind oktober. Een commissie startte met activiteiten, in de hoop daarmee nieuwe leden te werven. De jarenlange traditie éénmaal per jaar zingen tijdens een kerkdienst in de doopsgezinde kerk, die als repetitieruimte gebruikt wordt, betekende: oefenen aan de muziek die daarvoor is gekozen. Omdat dit jaar niet op eerste kerstdag, maar de zondag ervoor door ons koor in de ‘Formanje’ gezongen wordt, is niet de bladmuziek van traditionele kerstliederen uitgedeeld. In de zangmap zitten nu Tichtby en It wûnderlike mystearje, beide composities van Jan de Jong. De teksten zijn respectievelijk van Margryt Poortstra en Lyske Boersma – Posthuma. Daarnaast wordt uiteraard nog gewerkt aan Bern fan ‘e ierde en Alde bylden winke. Deze twee werken zullen in Grou voor het eerst worden gezongen in het concert dat gepland is op 30 maart 2008.
16-04-2007 Bern fan 'e ierde en Alde bylden winke. Dizze beide titels binne betocht foar twa rigen fan lieten. De komponisten Frank van Nimwegen en Jan de Jong ha dizze lieten yn opdracht fan it Mingd Koar Grou komponearre. Se ha harren dêrby ynspirearje litten troch prachtige gedichten fan de Fryske dichter Obe Postma. De resultaten binne hiel ferskillend. Dat wie by it oanlearen dêrfan daliks te merken. Mar moai sille se beide aanst klinke, dat is wol wis. Foar sa'n moaie klank wurdt dus drok oefene. Dat sil moatte as we se yn septimber by ús reiske nei Dútslân hearre litte sille! Sille de minsken dêr dan wol wat fan dy sa prachtige gedichten meikrije. No rekkenje mar, want ien fan ús koarleden is dwaande om se oer te setten!!!
26-02-2007 In Hot News, was het onderdeel ‘Logboek’ even niet hot, maar behoorlijk afgekoeld. Na november was er geen nieuws gemeld… Was dat er niet? Natuurlijk! Vanaf het geslaagde Mozartconcert in november wordt er nu op dinsdagavond geoefend op 3 werken van Frank van Nimwegen. De mooie teksten van deze liederen komen uit ‘Chamber Music’ van James Joyce (1882 -1941). Dêrneist wurket it koar oan twa Fryske lieten: ‘Reid’ fan Sjoerd Spanninga, op muzyk set troch Gerrit Stulp en ‘Sis my’ in liet oer frede. Tekst: Willem Abma, muzyk: Jan de Jong. Nije plannen foar in koarreiske stean op priemmen! Dat sil ein septimber oangean. Fia in koarlid binne der kontakten lein mei in plak yn Dútslân.
6-11-2006 Noch .. nachtsjes sliepe dan ha wy ús Mozart-konsert. Wy ha as koarleden in tiid dy’t wat liket op it talibjen nei in feestje. Tagelyk betsjut it hurd wurkje oan de lêste ‘punten’ en de dagen in bytsje belibje as: ôftelle nei. Sûnt de sneon fan it oefenjen mei it orkest ha wy alle fertrouwen dat it prachtich wurde sil. Dat fertrouwen wurdt net yn it lêste plak opboud troch ús dirigint. Syn trochtochte wize fan wurkjen is foar ús ‘goud’ wurdich. Noch .. nachtsjes.. Dan earst de generale, dêrnei de 2 konserten. In feestje? .... wat .... In feest!!
26-09-2006 Al wer de 4de koarrepetysje sûnt de simmerfakânsje. Der wurdt flink oefene foar ús Mozart Konsert op 12 novimber. Bekende dielen herhelle en oppoetst, nije ynstudearre. Dat levert noch wolris in misse toan op. Oanlieding foar de dirigint ta in opmerking as: Was ook leuk geweest, maar zo heeft de componist het niet bedoeld. Nei ferbettering wer in stapke fierder op wei nei in een 'hearlik' konsert. Want dat wurdt it grif!!!
Mei 2006. Onze dirigent heeft soms op dinsdagavond de turbo erop. Zo slaagde hij erin om in 3 repetities Alma Dei creatoris van Mozart ‘in de grondverf’ te krijgen. Ook delen van de Mis van Mozart krijgen al een kleurtje. Om beter in te kunnen zetten na een solo gedeelte oefent het koor die solodelen er bij. Het repeteren betekent dus: flink eraan trekken. Maar natuurlijk ook: met een lekker gevoel om kwart voor tien richting thuis. Weten: nog even en dan maken we van de muzieknootjes samen ‘echt’ muziek. Die muziek zal dan klinken als “It Grouster Koar sjongt Mozart”.
|