110 jier Grouster Koar

Dit jier fiert it Mingd Koar Grou syn 22ste lustrum, 110 jier is it koar dus. Reden foar in jierdeifeest. Dat fieren begûn eins al mei it (nei de Coronatiid) wer sjonge meie yn de fertroude repetysjeromte, de fermanje yn Grou.
Nei de simmerfakânsje kaam in twadde feestmomint: op de earste sjongtiisdei nei de fakânsje moasten de leden yn de pronk ferskine. Der moast in nije koarfoto komme! It wie in waarme jûn dy 6de septimber. De swarte klean mei hjir en dêr in fleurich read aksintsje fielden dûbeld sa dik. Mar waarm as net, de fleur siet der fuort wol yn.
It koarreiske nei Münster yn septimber wie in feest. Trije prachtige dagen! De reiskommisje hie nei in bealchfol wurk in hiel moai programma gearstald. It besjen fan it ‘Westfaalske Versaille’, in kastiel mei in prachtige tún yn Nordkirchen. De moaie binnenstêd fan Münster waard by dei en by nacht goed ferkend. In gids gie mei in iiskelder yn. As lêste noch in stop yn Bentheim. Wer werom nei hûs, de dagen fleagen om.

En no op 13 novimber noch in konsert fan it koar mei solisten. Utfierd wurde wurken fan Mendelssohn en Nearer my God to Thee, it liet dat heart by it ûntstean fan it koar. De wize derfan waard neffens de ferhalen spile doe’t de Titanic fergie. Djip ûnder de yndruk fan dizze ramp, waard it liet koart dêrnei troch earste koarleden yn ‘e tsjerke yn Grou songen.
De konserten binne op snein 13 novimber om 14.30 en om 16.30 oere. Tagong is fergees! Foar kaarten: grousterkoar.nl.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *